Literatuur | Spannend
Moard yn tsjerke
Meindert Bylsma
16,50 €
Niet op voorraad bij Salvator, wel bestelbaar
Omschrijving
Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op ’e trep nei de kelder leit in lyk.
Wurk oan de winkel foar brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen. De beide mannen binne folslein ferskillend fan aard. Se jouwe inoar gauris stekken ûnder wetter en Bekkema moat Roosjen regelmjittich wer by de les lûke, mar se kinne as de blommen. Op it buro wurde se dan ek “De Blomkes” neamd.
Se dûke fuort yn dizze aparte saak. Al gau komme se bysûndere dingen tsjin en dy roppe wer allegearre fragen op. Wat is de rol fan de eardere koster? Wêrom wie de tsjerke net ôfsletten? Wat stiet der eins krekt yn it testamint?
In spannend en fermaaklik aventoer. It is it tredde diel yn in searje oer “De Blomkes”. Earder ferskynden Allegearre snie en Moard yn ’e hite hei.
Meer info
| Uitgever | Uitgeverij Elikser |
|---|---|
| Release | 07/12/2021 |
| Leveringsdatum | |
| Info leveringsdatum | Verschenen, printing-on-demand |
| ISBN | 9789463653985 |
| Laatst gewijzigd | 09/08/2023 |