Literatuur | Spannend
Moard yn 'e hite hei
Meindert Bylsma
16,50 €
Niet op voorraad bij Salvator, wel bestelbaar
Omschrijving
Resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro 'de Blomkes' neamd, krije in melding. Wiggele Kingma is de ôfrûne nacht net thús kommen. No bart dat wol faker, mar diskear fine se in plasse bestjurre bloed yn syn skuorre. En it docht bliken dat der hiel wat minsken binne by wa't dizze boer op in tige minne namme leit. Yn har syktocht nei de wierheid komme der mear liken út de kast. De Blomkes moatte alles op alles sette om de wierheid te efterheljen. En dan is it by eintsjebeslút dochs wer hiel oars as dat it yn it begjin like.
Dit is it twadde diel yn de searje plysjeromans mei de filosofearjende plysjemannen Bekkema en Roosjen yn de haadrol. Diel 1, Allegearre snie, ferskynde yn 2015. Ek yn dit boek toant Bylsma him wer in boeiend ferteller, mei each foar detail en in humoristyske ynslach.
Meer info
| Uitgever | Uitgeverij Elikser |
|---|---|
| Release | 30/04/2018 |
| Leveringsdatum | |
| Info leveringsdatum | Verschenen, printing-on-demand |
| ISBN | 9789463650465 |
| Laatst gewijzigd | 09/08/2023 |