Reizen | Reizen
En it hie sa moai wêze kinnen
Durk van der Ploeg
19,90 €
Niet op voorraad bij Salvator, wel bestelbaar
Omschrijving
heardest ek altyd sa’n klets. Ik skrok my bytiden dea. Krekt wit ik it net, mar der sloech wat. En doe dy gjalp. Of wie ik op Stad Niks om iten foar de geit? Hast neat heard. Se wie al kâld doe’tst har fûnst. It triedsjeread, dat har sa sûn troch de wangen floeide, waard al blau, tsjin ’t swarte oan. Do hast it net dien. Do kinst it net dien ha. Do wiest efter yn ’e klyn dolten, yn it fjild. Of dochs net? Wêr wie ik? Hiest earst de plysje warskôgje moat ten. Of by de Brúnsma-jonges
dokter belje. Mar koest net by har wei. En do wiest hjir allinne mei har.’
Ut: De winter komt
‘De winter komt’ is it ferhaal oer Brand, in man op jierren. As er syn frou dea fynt yn ’e loads, fertizet er yn fragen dy’t er himsels stelt. Wannear’t it net ta antwurden komt, beslút er har yn ’t hiem te bedobjen. En as de feiten in bedriging foarmje, sjocht er gjin útkomst.
‘Bertegrûn’. In jongfeint fynt it hiem dêr’t er opgroeid is ûnder opspuite lân en dolt in hoale om yn te wenjen. As se syn bousel mei de shovel opromje, wurdt er bedobbe yn syn hoale.
‘De Sniewinter’ giet oer in widner en in keunstneres dy’t yn it tsjerkje fan Teard har atelier hat. Dy winters falle der protten snie en de keunstneres rekket ysolearre. De widner soarget foar iten. De keunstneres skildert hûs en hokken fan de widner. Har skilderijen wurde bekroand, mar de gemeente lit de hokken opromje. In striid oer keunst en amtlike regels.
JABIK VEENBAAS: ‘It wurk fan Van der Ploeg kriget grutte krêft bywannear't er syn haadfigueren ticht op 'e hûd sit. Topwurk levere er ôf mei de novellen Bertegrûn en De winter komt.’
Meer info
| Uitgever | Uitgeverij Het Nieuwe Kanaal |
|---|---|
| Release | 15/08/2020 |
| Leveringsdatum | |
| Info leveringsdatum | Verschenen, printing-on-demand |
| ISBN | 9789492457363 |
| Laatst gewijzigd | 08/08/2023 |