Literatuur | Literatuur
Middlemarch
George Eliot
39,95 €
Niet op voorraad bij Salvator, wel bestelbaar
Omschrijving
Al gau, lykwols, docht bliken dat dat boek noait klearkomt, feitlik net folle foarstelt, en dat har man har stipe, en al gau ek har krityk, net ferneare kin. It houlik is gjin sukses, Casaubon sukkelt mei syn sûnens, en wurdt jaloersk op syn achterneef Will Ladislaw, in beppesizzer fan in muoike fan Casaubon, dy’t ûnterve wie fanwege in houlik ûnder har stân, mar Casaubon hat Will wol ûnderholden en op syn kosten studeare litten. Hij fermoedet dat Dorothea wol foar Will fjilt. As Casaubon komt te stjerren blykt dat er Dorothea ûnterve hat yn it gefal dat se mei Will trouwe soe. In oar gefal fan in mislearre houlik is dat fan de jonge idealistise húsdokter Lydgate: syn kreaze frou Rosamond hat inkeld mar niget oan de wenstige rol fan de húsfrou, te witten deftige besites ûntfange en ôflizze, en moaie klean. Lydgate wol wat yn de medise wittenkip betsjutte, en docht thús wat eksperiminten, mar alles brekt him bij de hannen om’t ôf. Syn frou wurket him tsjin, en syn kollega’s ha in skalk each op him en syn nijmoadrige ideeën. Lydgate rakket troch har djip yn de skulden en mislearret as fernijend dokter. In oare ferhaalline is de ferkearing fan Fred Vincy en Mary Garth: Fred soe dominy wurde kinne, mar hat dêr sels gjin sin oan, wylst Mary seit dan net mei him trouwe te wollen, want sij fynt dat dat amt totaal net bij him past. Troch it hele boek hinne spilet ek noch de fraach, foaral yn ferbân mei de bankier Bulstrode, yn hoefier’t der in luchtsje sit oan syn jild.
It boek MIDDLEMARCH, in fiktyf stedsje yn de midden fan Ingelân, hat in hege status yn de Ingelse literatuer. It is wol in psychologise roman neamd fanwege de djipgeande subtile analyses fan de beweechredenen fan de haadfigueren.
Meer info
| Uitgever | Uitgeverij Elikser |
|---|---|
| Release | 20/02/2025 |
| Leveringsdatum | |
| Info leveringsdatum | Verschenen, in voorraad |
| ISBN | 9789463657365 |
| Laatst gewijzigd | 10/02/2025 |